Frentsjer wint foar de twadde kear de Jongfammepartij yn Mantgum

De achtste edysje fan de Jongfammepartij yn Mantgum is foar de twadde kear yn de histoarje wûn troch de ôfdieling Frentsjer. Sy fersloegen yn in net al te spannende finale it partoer fan Bitgum mei 5 om 3 en 6-2. It wie ek foar de twadde kear dat Manon Scheepstra de gouden klaver meinimme mocht.

Yn 2009 mei Baukje Aalbers en no mei har twa maten Maaike Osinga (yn 2009 ferliezend finalist foar Pingjum tsjin it Frenstjer fan Manon en mei har maat Maaike Wind ) en Rianne Vellinga, in moai slutend partoer. In terjochte winner fan in prachtige partij mei, útsein de finale, in soad spanning yn alle omlopen. It hat in goeie set west fan de KNKB om foar de earste kear mear as ien partoer ta te litten op de al wer achtste JongFammePartij. Easterein mei trije en Frentsjer mei twa partoeren makken dêr gebrûk fan. Boppedat wie de dispensaasjeregel ferromme en mochten twa keatsters per partoer meidwaan út in legere kategory as de junioarefroulju. Dat levere in moaie list op mei njoggentjen partoer en wêrby mar ien partoer mei twa keatsters operearde. De soargen fan foarich jier mei doe mar 15 partoer wêrfan de helte dit jier net mear meidwaan soe, dat der in behindige list oerbliuwe soe, wie dêrmei fan de baan. Dat docht trouwens ek rjocht oan in wichtige oarspronklike doelstelling fan dizze partij: jou in poadium oan jonge froulju ta stimulâns fan it frouljuskeatsen. De soarch dat de kwaliteit fan dizze partij troch dizze maatregels en troch de ôfwêzichheid fan de sterke mar no te âlde lichting keatsters fan byg. Ie, Dronryp en Boalsert der ûnder lije soe, wie min ofte mear wol terjochte. Troch de bank nommen wie dy kwaliteit op dizze achtste edysje wat minder. Mar de spanning fergoede in soad. Yn alle omlopen wiene der prachtige partijen te sjen en al dy debutanten wiene perfoarst mear as listfulling. In moai boskje jonge keatters hat sadwaande preaun oan dit poadium en dit nivo en dat smakket grif nei mear. In ferslach per omloop: Earste omloop Fuort yn de earste omloop hiene trije skitterende partijen. Wommels en Wolsum makken der in spannende partij fan . Se pakten om en om in buordsje. Op fiif earsten gelyk nen 4-6 pakte Wolsum de winst tsjin it jeugdige partoer fan Wommels. In partij dêr’t in saod fan ferwachte waard wie dy tusken twa grutte kânshawwers: Boalsert en Boazum (foarich jier ferleizend finalist troch in jammerlike blessure fan Wiljo Sybrandy foartidich of brutsen ). Boalsert naam in spul foarsprong. Mei de fan de suskes Sybrandy bewende fjochtersmentaliteit pakte Boazum mar leafst fiif earsten op rige. Op 5 om 2 en 6 gelyk hiene se it út meistje kinnen, mar Nynke Sybrandy miste it perk. It soarge net fan in ommekear . Op 6-2 pakte Boazum de winst en koe it sterke partoer fan Feikje Bouwhuis swier oanslein fan it fjild. Foaral yn it perk brochten te min op dochs net in drge opslach fan Boazum. In oare kreaker wie de partij tusken Deinum en ek in absolute favoryt foar de prizen: St. Anne. Nei in stroeve start en dêrmei in earst foarsprong fan Deinum like St. Anne de guit te pakken te krijen en rûnen se út nei in 3 om 1 foarsprong. Doe pakte it o sa deeglik keatsende Deinum trije earsten op rige. It folgjende spul wie foar St. Anne en dêrmei in 5 om 4 foarsprong. Mei in prachtige sitbal kaam Deinum wer gelyk en doe’t Lysette Wagenaar op 6-4 foar Deinum it perk miste, wie in twadde grutte kânshawwer al op ‘e earste list útskeakele. Ferrassend, fûn ek it partoer sels Oare utslagen: Twa fan de trije partoeren fan Easterein troffen inoar yn de eartste omloop. Jildou Jorristma cs wûnen ienfâldich mei 5 om 1 fan it partoer fan Gerry Edou Mollema. Easterein 1 hie net folle muoite mei Minnertsgea, se giene mei 5 om 2 en 4-6 nei de twadde list Grou hie in makje tsjin it jeugdige partoer fan Wiuwert Britswert, 5 om 1 en skjinne 6. Lykse Grins tsjin Jirnsum, 5-0 en skjinne 6. Mantgum hie mei haadklasser Ilse Noorman en twa suskes Reitsema (eartiids toppers mar no al wer in pear jier net mear aktyf) hope op in ferrassing tsjin Bitgum. Mantgum pakten wol in soad punten (fiif kear 6 gelyk) mar net de earsten: Bitgum wint mei 5-2 en 6-4. Dronryp, yn alle foargeande 7 edysje fan de Jong Famme, de ôfdieling dy’t de measte prizen wûn hat, wie mear fan ferwachte. Se kamen der tsjin kânshawwer Frentsjer ien net oan te pas, skjinne fiif en 6-2. Twadde omloop Kânshawwers Easterein 1 en Boazum makken der yn de twadde omloop in fantastyske pot fan. In prachtich gelyk opgeande striid. Op 5 om 4 en 6 gelyk hie Easterein it beslikje kinnen mar se krigen de bal net yn it perk. Passend bij de spanning fan de hiele partij waard it logyskerwiis alles oan de hang mei in dikke keats foar Easterein. Der waard drok oerlein. waard de ferantwurding op de stuit op har nimme soe foar Easterein. Marije Hiemstra moast it dwaan. Se die it selsbewust mar dochs te moai foar Nynke Sybrandy dy’t de bal fier oer de boppe sloech. Better fergie it it twadde partoer fan Easterein dy’t net folle moederaasje hiene mei it twadde partoer fan Frentsjer (mei in steand nûmer op de tredde list kaam). Easterein wint mei 5 om 3 en 6 gelyk. Allyksa Bitgum dat maklik fan Wolsum wûn mei 5 om 1 en 6 gelyk. Noch in klapper wie de partij tusken Grins en Grou. It like sa maklik te gean foar Grou mei in skjinne fjouwer earsten like der neat te rêden. Grins herpakte har wûnderbaarlik en pakte de folgjende trije earsten. Mar doe’t Grou op 5 om 3 kaam wie, like it pleit besljochte foar Grou. Se joegen lykwols gjin belies en hellen op oan 5 earsten gelyk. Mei alles oan de hang mocht Grou opslaan. De bal helle by lange nei net it perk en Grou koe sa dochs noch byskreaun wurde op de tredde list. De ferrassing fan de earste list, Deinum, kaam der tsjin grutte kânshawwer Frentsjer ien mei trije toppers: Maaike Osinga, Manon Scheepvaart ( yn 2009 al ris winner fan de Jong Famme) en Rianne Vellinga, net in momint oan te pas. Hieltyd rûnen se achter de feiten oan. In maklike 5 om 3 en 6-4 oerwinning brocht Frentsjermei in steand nûmer op de tredde list yn de heale finale. Tredde omloop Boazum hie mei it twadde fan Easterein gâns mear te stellen at mooglik ferwachte wie. Dat hie mei Boazum sels te meitsjen omdat se it wat te maklik liken op te pakken, suver sleau bytiden Mar it kaam foaral omdat it debutearende trijetal fan Easterein ( Jildou Jorritsma , Martine Tiemersma en Jelien Pompstra) ferrassend sterk fan har ôfsloegen. Om en om waarden de earsten ferdield oant 4 earsten gelyk. Op 5 om 4 en 6 gelyk foel de prachtige útslach fan Easterein krekt op de kwealine. Boazum dus yn de heale finale tsjin Frentsjer 1. Grou hie twa omlopen mei deeglik spul dochs wol wat yndruk makke. Tsjin Bitgum koene se dat blykber net mear opbringe. De krachten en it leauwen liken wol op. Bitgum die har dingen, joegen net folle wei wêr’t Grou dat wol die mei in soad opslachflaters en ballen dy’t ûngelokkich oan wiene of kwea fleine.Dat smiet dus in simpele 5 om 1 en 6-2 oerwinning op foar Bitgum. Mei in steand nûmer wie Bitgum dus de earste finalist. Heale finale Nei twa swiere omlopen moast Boazum wer swier oan de bak tsjin it sterke Frentsjer dat ien omloop minder yn de skonken en earms hie. Yn de earste trije earsten koe Frentsjer mar min grip krije op de opslach fan Boazum. It wiene foaral de tuskenynse ballen fan Wiljo Sybrandy dêr’t Maaike Osinga en Manon Scheepvaart te min grip op krije koene. Oarsom hie it perk fan de suskes Sybrandy dat sicht wol op de ballen fan Maaike Osina en Rianne Vellinga. Dat hie fan gefolgen dat Boazum trije skjinne earsten foarkaam. Yn de folgjende trije earsten wie it suver oarsom. It oernimmen fan de foarbêst opslach troch Maaike Osinga brocht foar it neist dy omslach. Se Osinga sloech sterk op en mei Manon Scheepvart hiene se no gâns mear grip de de opslach fan Boazum. In misser yn it perk fan Wiljo, in boppeslach fan Maaike Osinga en in magistrale útslach fan Manon betsjutten trije earsten gelyk. De striid tusken op- en útslach wie fanôf dat stuit ek yn it lykwicht. Boppe fan Wiljo 5-4 foar Boazum. Sitbal fan Maaike Osinga 4 gelyk. Boppe Manon 5 om 4 foar Frentsjer. Nynke die dêr net foar ûnder en sloech mei in boppeslach de stân nei fiif earsten gelyk. Twa sitballen fan Maaike en twa sterke útslagen foarby de middelgrutte keatsen makken dat Boazum ‘mar’ de lytse preemje binnenhellen. Finale Frentsjer begûn wifeljend oan de stuit. Bitgum profitearde en pakte bretaalwei it earste buordsje. Beide perken koene doe even net op slach komme en de buordsjes waarden om en om pakt nei spul om gelyk. Doe kaam de klad deryn bei Bitgum oan de stuit. In hiele rûfel opslachflaters en sterk perkspul fan Manon en Maaike soargen derfoar dat Frentsjer yn in omsjoch op 5 om 2 kaam. Noch ien kear kaam Bitgum doe werom û.o. trochi in pear prachtige boppeslagen fan Marisca . It wie in leste oprisping. Mei in boppeslach twa kear de keats foarby en op 6-2 in opslachflater fan Evelien Westra beslikke it Frentsjerter perk de finale yn har foardiel. Utslach 8-ste Jongfammepartij: 1. Frentsjer mei Rianne Vellinga, Maaike Osinga, Manon Scheepstra 2. Bitgum mei Evelien Westra, Mariska Hoogland, Nelie Steenstra 3. Boazum mei Wiljo en Nynke Sybrandy, Harmke van der Werf

Geplaatst op 03 July 2011